Gurbe Douwstra
Solo-optreden Gurbe Douwstra
Terptsjerke Akkrum
De Drachtster singer/songwriter Gurbe Douwstra jout op freed 8 novimber om 20.00 oere in solo-optreden yn de Terptsjerke yn Akkrum. Hij sil dan, njonken âlde bekinde nûmers, ek wurk fan syn nije album ‘Romte’ heare litte.
Romte is alwer de fyfde CD dy't Gurbe Douwstra útbringt. Dizze Fryske Troubadoer is ûnder oare bekind fan de meisjonger ‘Lit jim gean Friezen’. Mei syn nummer 'Cliffs of Moher' stie er mar leafst 11 kear op nûmer ien yn de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân. Ek syn nûmer ‘As it myn tiid is’ hat alle jierren in hege notearring yn dyselde Top 100.
‘In Wâldpyk fol emoasje,’ sa wurdt Gurbe Douwstra ek wol omskreaun. Syn wurk fariearret fan gefoelige harkferskes oant fleurige ferskes oer syn eigen libben en de wrâld om him hinne. Syn teksten binne soms hiel persoanlik en kwetsber, mar ek mei humor en selsspot.
Douwstra waard ferline jier 70 jaar. Dizze jierdei hat hy doe folop fierd mei 16 teaterkonserten mei de titel ‘70!!’. Nei ‘Te Plak’, wie dit syn twadde solo teaterprogramma wêrmei ’t hy rûnom yn Fryslân op ‘e planken stie. Op syn nije album ‘Romte’ stean tal fan nûmers út dizze beide shows.
Gurbe Douwstra: “Ik ben echt wiis mei it resultaat dat der no leit. ‘Romte’ giet fan foar nei achter oer myn eigen libben. It binne nûmmers dy’t mei reitsje.”
De yntree is € 10,00, dat is ynklusyf in bakje kofje of tee. Kaarten binne no te keap by Bakkerij Boonstra yn Akkrum of te reservearjen fia dizze webside: