Iepenloftspul De Heksen
Iepenloftspul De Heksen yn Akkrum
Akkrum krijt in twadde iepenloftspul: De Heksen. Nei it sukses fan it iepenloftspul ‘ De dream fan Akkrum ’ yn 2014 is it neffens it bestjoer fan Dreamteater Akkrum heech tiid foar wer in grut opsette iepenloftfoarstelling.
Op 'e nij is de tún fan it monumintale wenkompleks Coopersburg de lokaasje, dêr 't Dreamteater Akkrum op 21, 22, 23, en 24 septimber 2023 dizze famyljefoarstelling spilet. It iepenloftspul is basearre op it boek Heksen van de Britse kinderboekenschrijver Roald Dahl (1916 -1990 ). Dahl skreau sawol boeken foar bern as folwoeksenen. Hy heart noch altyd ta ien fan 'e bêste en meast ferneamde berneboekeskriuwers fan 'e wrâld.
Foar it iepenloftspul Heksen yn Akkrum is regisseur Job de Roo út Ljouwert oanlutsen. De Roo hat in soad ûnderfining as teätermakker, sawol yn Noard-Nederlân as yn Dútslân. Hy hat ûnder oare meiwurke oan de suksesfolle foarstelling Holstmeer oer it libben efter de finzenismuorren fan De Marwei yn Ljouwert. Hy wie ko-regisseur fan de foarstelling ‘ De Joodse Bruiloft ’ en regissearre ferskate iepenloftspullen yn Fryslân. Dit jier wûn hy mei it iepenloftspul Peer Gynt in Gouden Gurbe foar it bêste iepenloftspul en de bêste haadrolspiler.
Job de Roo makket benammen, mar ek it leafst, teater op bûtenlokaasjes. Hy wie dan ek daliks entûsjast doe 't er foar it earst troch de tún fan Coopersburg rûn. Foar him hat dizze lokaasje de goede sfear om de Heksen yn Akkrum ta libben te bringen, en in bysûnder spektakel del te setten.
Yn gearwurking mei de spilers fan Dreamteater sil Job de Roo fan twa Ingelske skripts van Heksen in Frysktalige ferzje meitsje. De repetysjes sette yn jannewaris útein.