Lekker ite yn Akkrum foardat jo nei it iepenloftspul De Heksen gean? Dat kin! In tal hoareka-ûndernimmers hat in hearlik stamppotbuffet foar jo klearstean. Kosten 10 euro pp, eksklusyf drankjes. Jo kinne om 17.30 oere oanskowe. Op 21 en 22 septimber by de Kromme Knilles. Op 23 en 27 septimber by de woarstemakkerij fan Spijkerman. Op 24 septimber by Grandcafé Goerres. It tal plakken is beheind dus wachtsje net te lang. Graach namme, datum fan 'e foarstelling en it tal persoanen mailen nei info@dreamteater.nl