Ek de foarstelling De Heksen fan freed 22 septimber giet net troch. It is in grutte teloarstelling foar alle spilers, sjongers, bestjoer en frijwilligers mar spitigernôch ha we op dit stuit gjin oare kar. Troch de rein, hurde wyn en technyske tsjinfallers hawwe we gjin try-out spylje kinnen. Dat soe jûn plakfine. Mar de tún, it terrein, de poadia en de tribunes binne no dweiltrochwiet en sjippeglêd. It is sa net feilich foar ús spilers en gasten. En sûnder try-out kinne en wolle we gjin premjêre spylje. Moarn is no de try-out, sneon is de premjêre fan De Heksen. De foarstelling fan freed 22 septimber wurdt ynhelle op tongersdei 28 septimber. It ticket is dan ek jildich. We hope op jo begryp.Ha jo fragen mail dan nei: info@dreamteater.nl