Slagge try-out
De try-out fan it iepenloftspul De Heksen gie hiel goed. Alle frijwilligers en de bewenners fan Coopersburg wiene te gast om as earste publyk de foarstelling te besjen. Se wiene ûnder de yndruk fan it spul, it ferhaal, de sang en de twa poadia yn de tún fan Coopersburg. It publyk giet earst nei de tribune dy 't oan it trochgeand farwetter fan de Boarn stiet dêrnei ferpleatst it him nei de tribune midden yn de tún by de fiver. De tún wie prachtich yn it ljocht set. ' It liket wol in mearke, sa moai! ' sei ien fan 'e bewenners fan Coopersburg. De premjêre is op sneon 23 septimber. Dêrnei spylje de Heksen noch op 24, 26, 27 en 28 septimber. Wy binne der klear foar en hawwe der sin oan! Oant De Heksen yn 'e tún fan Coopersburg!
Foto's: Amarins Zandstra