Bernetoaniel maitiid 2024

Mei grut sukses binne de toaniellessen fan Dreamteater Akkrum foar bern fan de basisskoallen ôfrûne. De lessen, dy't op 21 maart fan start giene yn de boartersseal fan de Brede Skoalle, wiene in ynspirearjende en kreative ûnderfining foar bern út groep 6, 7 en 8.

Under begelieding fan de entûsjaste dosinte Femke Vliegendehond, stipe troch Joke Poortman, krigen de bern de kâns om harren akteartalint te ûntdekken en te ûntwikkeljen. Femke, dy't al earder belutsen wie by it Dreamteater as rezjyassistinte by it Iepenloftspul ‘ De Heksen ’, wist de bern mei in soad wille en enerzjy mei te nimmen yn de wrâld fan it teater.

 

De lesse-rige waard lykas fanâlds ôfsletten mei in selsmakke foarstelling, wêryn't de bern harren nije feardichheden sjen litte koene oan âlden, famylje en oare belangstellenden. De foarstelling waard goed ûntfongen en de wille fan de jonge akteurs striele fan it poadium ôf.


<< Foto-Album
  • dt-bernetoaniel-01
  • dt-bernetoaniel-02
  • dt-bernetoaniel-03
  • dt-bernetoaniel-04
  • dt-bernetoaniel-05
  • dt-bernetoaniel-06
  • dt-bernetoaniel-07
  • dt-bernetoaniel-groep