Stokjes; in perfekte dei!

Nei it grutte sukses fan Stokjes yn Akkrum, mei fiif folslein útferkochte foarstellingen, giet Stokjes 'On Tour'. Op 4 en 5 oktober 2025 ha de akteurs fan Dreamteater de foarstelling yn De Buorkerij in Terherne spile. Op 8 november 2025 wie Stokjes te sjen yn it MFA De Doarpsfinne yn Minnertsgea. En op 6 maart 2026 stiet de foarstelling yn it Posthuistheater fan it Hearrenfean.

 

"Stokjes, in perfekte dei" is in Frysk toanielstik oer in doarpsmienskip dy't byinoar komt foar de begraffenis fan Kees Verheul. It ferhaal spilet him ôf yn en om de doarpskroech. By de tariedingen fan de begraffenis giet lykwols fan alles mis. As de famylje en freonen oankomme, wurdt de gearkomste al gau in bysûndere reüny dêr't lang bewarre geheimen oan it ljocht komme en âlde freonskippen op skerp set wurde. 

 

Wylst de personaazjes wrakselje mei har eigen emoasjes en oantinkens oan Kees, ûntstiet der in bysûndere dynamyk wêrby't it ôfskied mear wurdt as in rou-gearkomste. It ferhaal ûntbleatet net allinnich geheimen, mar ek de ûnferwoestbere bân fan freonskip en famylje yn in doarpsmienskip.

De tragikomeedzje ‘Stokjes’ wurdt spile troch alve akteurs fan Dreamteater Akkrum. De rezjy is yn hannen fan regisseur Sjoerd Blom. It stik is skreaun troch Anneke Wiersma 

 

Lit dy yn ‘Stokjes’ meinimme yn it libben fan gewoane minsken op in bysûndere dei. Stokjes 'in perfekte dei' … Mei wa sitstdo op in stokje? 

 

Bestel kaarten foar Stokjes fia de webside fan Posthuis Theater:

 

Posthuis Theater

Lêsmear dreamteaterstokjes32

Kaartferkeap

Lêsmear dreamteaterstokjes29

Stokjes: yn de parse

Lêsmear dreamteaterstokjes17

Fotoalbum Stokjes