De foarstelling fan De Heksen op tongersdei 21 septimber giet net troch. Troch it minne waar, technyske problemen en de minne waarsferwachtingen is spitigernôch it beslút naam om de foarstelling te skrassen. De foarstelling wurdt ynhelle op tiisdei 26 septimber. Kaarten fan tongersdei binne dan jildich. De ynheldatum stiet ek op it e-ticket.