Oer it Akkrumer Dreamteater

Yn 2014 bestie it Akkrumer Toaniel 50 jier. Dat waard doe gruts fierd mei it iepenloftspul Akkrumer Dream. Nei dizze suksesfolle foarstellings is besletten it Akkrumer Toaniel te ferbreedzjen en sa ûntstie Dreamteater Akkrum.


Dreamteater Akkrum hat as doel kulturiele inisjativen yn Akkrum en Nes te nimmen, te stypjen en út te fieren. Wy organisearje kulturiele aktiviteiten en eveneminten lykas toniel- en teaterfoarstellings, festivals en film- en ferhalenjûnen. Keunst en kultuer libbet yn ús doarp en dat enthousiasme wolle we graach fêsthâlde. Mei-inoar wolle we der fan genietsje mar we wolle ek graach dat sa folle mooglik doarpsbewenners der oan mei dogge en der diel fan út meitsje.


In dream omsette nei wurklikheid, hoe moai is dat. Dat is ús doel. Dêrfoar wolle wy ús graach ynsette. Ek it evenemint ‘Meet me at the Fountain’ en it Flowerpowerfestival begûn mei in idee, in dream. En úteinlik waarden it beide grutte eveneminten wêr’t hunderten doarpbewenners oan meidiene en tûzenden besikers op ôf kamen. Wat in feest!

 'If you can dream it, you can do it! ' Walt Disney sei it ek al.

Hastdo ek in dream, lyts of grut, en hastdo help nedich by de útfiering, diel dit mei ús! Meitsje hjir dyn dream kenber en wa wit kin ek dyn dream in dream fan Akkrum wurde.

 

Hastdo in fraach, wolstdo ús helpe, lit it ús witte.

 

It bestjoer fan Dreamteater Akkrum bestiet út Anneke Wiersma, Johannes van der Meer, John Gijsman, Jouke Poortman, Kees Middendorp, Marja Wiersma en Renskje Hietkamp.

UBUNTU | 17 mei 2024