Sûnt de oprjochting fan Dreamteater Akkrum binne der al hiel wat bysûndere produksjes en kulturele eveneminten realisearre. Fan eigen teaterproduksjes lykas Mutsen (2017), Doazen (2020/2021) en Stokjes (2025) oant grutte en lytse kulturele eveneminten.

 

Sa wie Dreamteater (mei) belutsen by Meet me at the Fountain (2018), keunstteaterfestival Uit de doeken (2019), it FlowerPower Festival (2022), De Heksen (2023) en Akkrum yn ’t ljocht (2024). Yn 2025 stie dêrneist it grutte festival Nessville & Akkrumento op it programma.

 

Hjirûnder fine jo in weromblik op ús projekten en foarstellingen.