Skiednis Dreamteater Akkrum

Oprjochting:

Yn 1964 is it Akkrumer Toaniel oprjochte troch in tal grutte leafhawwers fan it amateurtoaniel.

Elts jier waard der in toanielstik foar it fuotljocht brocht op’e boppeseal fan hotel-restaurant Goerres: alle jûnen folslein útferkocht én fansels mei dûnsjen nei. 

De foarstellingen fan de toanielferiening wiene hichtepunten yn it doarpslibben yndertiid. 

Mei it ferdwinen fan de boppeseal fan Goerres, oan it begjin fan dizze iuw, moast it Akkrumer Toaniel op syk nei in oare lokaasje foar de jierlikse foarstellingen. 

Neist de stribbeligen om in geskikte romte te finen, waard it ek hieltyd dreger om oansluting te hâlden by de hieltyd jachtiger wurdende wrâld, wêryn’t de media dyselde wrâld hieltyd tichteby de minsken thús brocht. 

Minder besikers fan de, noch hieltyd jierlikse, foarstellingen, mar ek minder aktive spilers joech it bestjoer in nije útdaging: hoe hâlde we in libbendige feriening yn it doarp, dy’t oanslút by de hjoeddeiske tiid en winsken?


It 50-jierich bestean:

It 50-jierrich jubileum yn 2014 waard fierd mei de organisaasje fan in grut iepenloftstik ‘De Dream fan Akkrum’. 

‘De Dream fan Akkrum’ wie basearre op ‘A Midsummernight’s Dream’ fan Shakespeare, en is spile, neist de leden fan it Akkrumer Toaniel, troch in grut tal ynwenners fan Akkrum/Nes. 

By dizze grutte produksje wiene bygelyks ek it popkoar en de fanfare ‘de Harmonie’ belutsen.

 

Mei troch dit grutte sukses is it Akkrumer Toaniel nij libben yn blazen en is dizze transformearre yn in stichting mei in bredere doelstelling! 

Dreamteater Akkrum hat as doel kulturele inisjativen yn Akkrum en Nes te nimmen, te stypjen en út te fieren.

 

Hjirút binne al ferskillende inisjativen ûntstien lykas:

 

It Bûthúsbankje:

It Bûthúsbankje: fan ôf 2015 oan’t 2020 kaam in groepke ‘âlderein’ by inoar om te praten, te fertellen oer allerhande saken faak mei in ‘teatrale’ ôfsluting as yntermezzo yn it winterskoft: bygelyks in bydrage (yn gearwurking mei bern) op de 4-maaie-betinking (2015), in ferhalen-kuier (2017); lânferhúzers by Meet me at the Fountain (2018); Teater-workshops foar folwoeksenen

 

Doarpsrevue:

Organisaasje fan in grutte doarpsrevue yn gearwurking mei de Keatsclub en de fuotbalferiening (2016)

 

Berne-teater wurkpleats:

Berne-Teater-wurkpleats: teater-workshops foar bern yn gearwurking mei de BSO; 

ek alle kearen mei in lytse ôfslutende foarstelling foar âlders en belangstellenden

 

Meet me at the Fountain:

Yn it jier fan de 'Kulturele haadstêd 2018' is dit spektakel spile yn gearwurking mei fanfare de Harmonie en Akkrum Nes Centraal.

 

Ut’e doeken: 

Dit wie in kulturiele manifestaasje troch it hiele doarp yn gearwurking mei de keunstrûte 'de Slach troch Akkrum (2019)

 

FlowerPowerFestival:

Een grut slagge barren yn gearwurking mei Akkrum Nes Centraal, Merkekommisje, Doarpskeamer en VOAN (2022)

 

Fansels bliuwe we ek mei ‘gewoane’ toanielstikken foar it fuotljocht kommen: 

Yn 2017-2018 is it stik ‘Mutsen’ (skreaun troch Christa Warmerdam) folop spile yn Akkrum sels en fier dêr bûten.

en yn 2020 - 2022 is mei itselde sukses, de opfolger fan 'Mutsen', it self skreaune opfolger ‘Doazen’ foar it fuotljocht brocht yn Akkrum, yn de provinsje en it lân.

iconen-web-stiper-wit

Sponsorpakket

De Stiper

Jo stypje mei 10 euro yn it jier Dreamteater Akkrum

 

Doneer

iconen-web-klub50-wit

Sponsorpakket 

De klub fan 50

Jo stypje mei 50 euro yn it jier Dreamteater Akkrum.

 

Doneer