De repetysjes foar it iepenloftspul De Heksen binne yn folle gong. Al fan jannewaris ôf oefent in entûsjaste ploech spilers ûnder lieding fan regisseur Job de Roo yn de boppeseal fan ‘e Kromme Knilles. Fan heal april  ôf oefenje se ek op it plak dêr’t it yn septimber allegear barre sil: De tún fan Coopersburg.