2020 Doazen
Nei ôfrin fan de foarstelling “ Mutsen ”, skreaun troch Christa Warmerdam, waard it heft yn eigen hân nommen. Troch ien fan de spylsters, mei feed-back fan de meispylsters, is it stik ' Doazen ' skreaun en spile. Al gau die bliken dat de ûnnoazelheid, dêr 't de titel in beskate assosjaasje mei opropt waard, oerstiigden. Op in fantastyske wize waard it publyk mei sûgd yn foar elkenien werkenbere situaasjes, dy 't dan wer pynlik, dan wer fleurich of hoopjouwend fan aard wiene. It liet oant yn detail sjen hoe 't yn gâns gefallen it ego fan de minske nei boppen kaam, mar ek dat dêrûnder de kwetsberheid skûle en de ferbûnens mei-inoar. Dit alles waard spile yn de setting fan de ûnderlinge relaasjes tusken seis sussen. De foarstelling, Doazen, hat in pear kear yn Akkrum in folle seal opsmiten, mar ek bûten Akkrum, yn de provinsje, waard it stik prima besocht, lykas û.o. yn Terherne en De Gordyk. Boppedat is it stik ferskate kearen de provinsjegrins oerstutsen nei grutte stêden om dêr foar de saneamde Fryske Krites (Friezen om utens) te spyljen. In grut komplimint foar de spylsters is dat se harren dwers troch de coronatiid hinne dwers troch alle maatregels, dy 't it kulturele libben gjin goed diene, hinne spile hawwe mei in geweldige fearkrêft en entûsjasme.