Woartele
Ferhalemiddei
Elkenien hat roots, woartels. Soms lizze dy djip ferankere yn 'e grûn dêr't je opgroeid binne, soms binne se ferpleatst, fertakke of oppenij foarme. 'Woartele' giet oer wêr't je weikomme en hoe dat trochwurket yn wa't je no binne. Je woartels kin in plak wêze: in doarp, in strjitte, in lânskip dat je foarme hat. Mar likegoed binne it minsken, gebrûken, in taal of herinneringen dy't je meidrage. Guon binne grutsk op harren woartels en oaren wolle harren der just fan losmeitsje. En soms kom je dêr letter pas achter of sjoch je der mei oare eagen nei werom.
Op bysûndere lokaasjes yn Akkrum fertelle fjour doarpsbewenners in persoanlike ferhaal oer harren eigen woartels. Oan 'e ein fan 'e middei komme we wer werom yn 'e Kromme Knilles foar in geselliche neisit en in lekker miel waarm iten.
Snein 7 maart 2027 · 15.00 oere
Start: Kromme Knilles Akkrum
Kaartferkeap start letter





