Jan Arendz & Marijke Geertsma

Geartsje en Arend binne sechtich jier troud en dat moat fansels fierd wurde. De bern en bernsbern sjonge it diamanten echtpear ta en dogge it ABC fan harren libben. It bringt Geartsje en Arend werom nei de tiid dat se elkoar foar it earst seagen; de earste tút, de rôze wolk, de kreamtriennen, de ferhuzing, flower power, frije sex, it lege-nêstsyndroom mar ek wurkleazens en sykte dy't stikem tusken beide komt te stean. Sa glydet it hiele libben oan harren foarby mei dêrby de muzyk dy't doe te hearren wie. Hat it libben brocht wat se derfan ferwachte hiene? 

 

De foarstelling Hulde is werkenber, oandwaanlik en hilarysk tagelyk mei in grut “ Och heden ja... ” gehalte. 

 

HULDE! giet yn jannewaris 2027 yn premjêre en reizget dêrnei troch Fryslân. Op 3 april is HULDE! op útnûging fan Dreamteater te sjen yn Akkrum. De foarstelling is skreaun troch Peer Wittenbols en yn it Frysk oerset en bewurke troch Marijke Geertsma en Jan Arendz.

 

Sneon 3 april 2027 · 20.00 oere

Utingeradeelhal Akkrum

€ 22,50 (excl €1,- reserveringskosten per ticket)

Bestel je tickets

zaterdag 3 april 2027 20:00

Utingeradeelhal Akkrum · Spikerboor 10, 8491 PA Akkrum

Ticket HULDE! 60 jier troud

€ 22,50
Tickets: € 0,00Reserveringskosten: € 0,00Totaal: € 0,00

Met bestellen ga je akkoord met de voorwaarden.