Foekje

Nije perspektiven op it ferhaal fan de Fryske hurddraafleginde

Foekje Dillema, ‘de Friese stoomwals’ út Burum. Ein jierren ’40 ferplettere se út it neat wei har konkurrinsje yn it ynternasjonale hurdrinsirkwy. Yn 1950 soe se as grutte kânshawwer dielnimme oan it EK yn Frankryk. Mar dêr kaam it net fan: der waard twivele oft de flugge plattelânske wol in frou wie. De krekt ynfierde seksetest wegere se. Foekje waard foar it libben skrast. Har olympyske dream yn de knop brutsen. Oer dit yngripende libbensbarren swijde se oant har dea ta. Wie dat út skamte? Ut grutskens? Of ferset? Moatte wy dan ek swije?

 

De foarstelling Foekje is in muzikale, emosjonele rekonstruksje fan Foekje har libben. Ferskate personaazjes besykje bleat te lizzen wat Foekje ús hjoed-de-dei te fertellen hat. Hoe is it om útsletten te wurden om wa’st bist, yn de sport en yn ’e maatskippij? En wat seit har ferhaal oer ús, oer wa’t wy binne?

 

Yn de Sporthal fan Akkrum fiere wy Foekje har eksplosiviteit, fearkrêft en ûnfersetlikheid.

 

Kaarten bestelle

Tagongspriis: € 22,50. De kaarten foar de foarstelling fan Foekje binne fan tiisdei 22 april ôf te keap by Bakker Boonstra yn Akkrum. De kaarten dy't online by Tryater besteld wurde koene foar Foekje yn Akkrum binne al útferkocht. 

 

 

Oer Foekje


Spul: Lourens van den Akker, Nynke Heeg, Caroline Mgata, Stijn Schootstra

Slagwurk: Julia Ramos

Regy: Jos van Kan

Tekst: Kees Roorda

Muzyk: Wiebe Gotink

Foarmjouwing: Jan Ros

Kostúmûntwerp: Mathilde van der Hoop

Ljochtûntwerp: Bart Schurer

 

Toegankelijkheid

  • Taal: De voorstelling is overwegend Friestalig. Nederlandse ondertiteling is aanwezig.
  • Ringleiding: Bij Foekje is gehoorondersteuning in de vorm van een ringleiding (met en zonder hoortoestel) beschikbaar voor mensen die slechthorend zijn.
  • Tolk Nederlandse gebarentaal: Er is een tolk Nederlandse gebarentaal beschikbaar via smart glasses.
  • Audiodescriptie: Er is audiodescriptie beschikbaar voor mensen die slechtziend of blind zijn.

80 jier frijheid programma

Lêsmear -dt-2025-country-western-festi
6 september 2025

Country & Western Festival

Alle ynwenners van Akkrum en Nes sette de cowboyhoed op, lûke de westernlearzen oan en genietje fan in dei fol mei muzyk en teater.

Lêsmear dt-2425-stokjes-terherne
4 oktober 2025

Stokjes; in perfekte dei!

Lit jim yn ‘Stokjes’ meinimme yn it libben fan gewoane minsken op in bysûndere dei.

Lêsmear dt-archief

Argyf

Optredens en aktiviteiten dy't west hawwe.