Wat spilet
Pier21 – In repetysje foar it libben
Wat spilet is in tragikomyske en yndrukwekkende foarstelling oer famyljes, geheimen en hoe't âlde pine ûnbewust trochwurket yn it no. By de lêste repetysje foar in premiêre moetsje wy in jonge regisseur en in ferneamd aktrise. In profesjonele wurksessie ûntspoart as de aktrise fêstrint yn har Fryske memmetaal. Foar har is dy taal sterk ferbûn mei de pine út har jeugd. In ferburgen famyljeferhaal komt stadichoan nei boppe.
Anna Raadsveld en Merel Staalstra spylje mei humor, skerpte en kwetsberens, de beide froulju dy't hieltiid tichter by in dielde skiednis komme. De tekst is fan Roos Bottinga, oerset yn it Frysk troch Nynke Laverman en regissearre troch Mara van Vlijmen. In foarstelling fan Pier 21 oer wat famyljes trochjouwe sûnder wurden. Oer wa't we meinimme út ús jeugd en oer de fraach hoefolle fan dat ferline noch altyd yn ús trochspilet.
De Fryske toernee begjint yn oktober 2026 – en op 15 novimber bringt Dreamteater de foarstelling nei Akkrum.
Snein 15 novimber 2026 · 15.00 oere
Utingeradeelhal Akkrum





