Stokjes; in perfekte dei! De âlderlêste foarstelling

Nei it grutte sukses fan Stokjes yn Akkrum, mei fiif folslein útferkochte foarstellingen, gong Stokjes On Tour nei Terherne, Minnertsgea, Lelystêd en Hoorn. 

De spilers fan Dreamteater sille it stik no noch ien kear spylje en dat is op 6 maart 2026 yn it Posthuistheater fan it Hearrenfean.


"Stokjes, in perfekte dei" is in Frysk toanielstik oer in doarpsmienskip dy't byinoar komt foar de begraffenis fan Kees Verheul. It ferhaal spilet him ôf yn en om de doarpskroech. By de tariedingen fan de begraffenis giet lykwols fan alles mis. As de famylje en freonen oankomme, wurdt de gearkomste al gau in bysûndere reüny dêr't lang bewarre geheimen oan it ljocht komme en âlde freonskippen op skerp set wurde. 

 

Wylst de personaazjes wrakselje mei har eigen emoasjes en oantinkens oan Kees, ûntstiet der in bysûndere dynamyk wêrby't it ôfskied mear wurdt as in rou-gearkomste. It ferhaal ûntbleatet net allinnich geheimen, mar ek de ûnferwoestbere bân fan freonskip en famylje yn in doarpsmienskip.

 

De tragikomeedzje ‘Stokjes’ wurdt spile troch alve akteurs fan Dreamteater Akkrum. De rezjy is yn hannen fan regisseur Sjoerd Blom. It stik is skreaun troch Anneke Wiersma 

 

Lit dy yn ‘Stokjes’ meinimme yn it libben fan gewoane minsken op in bysûndere dei. Stokjes 'in perfekte dei' … Mei wa sitstdo op in stokje? 

 

Kaarten binne te bestellen fia Posthuis Theater:

 

Posthuis Theater

Programma

Lêsmear Wei fan Dreamen
24-10-2026

Wei fan Dreamen

Gerbrich van Dekken en it Grutte Guod | In muzikale foarstelling fol bekende en minder bekende muzyk fan Dolly Parton.

Lêsmear pier21wat-spiletcampagnebeeldv
15-11-2026

Wat spilet

In teaterfoarstelling fan Pier21. De Fryske toernee begjint yn oktober, op 15 novimber is de foarstelling yn Akkrum te sjen.

Lêsmear woartele
07-03-2027

Woartele

Ferhalemiddei mei ferhalen oer ús woartels: oer wêr't wy wei komme en wat ús foarme hat.

Lêsmear hulde-jm
03-04-2027

HULDE! 60 jier troud

Jan Arendz & Marijke Geertsma. De foarstelling HULDE! is op útnûging fan Dreamteater te sjen yn Akkrum.

Lêsmear dt-archief

Argyf

Optredens en aktiviteiten dy't west hawwe.

Stokjes is mei mooglik makke troch: