Poppeteater Inkipinki

Op freedtemiddei 1 novimber spilet poppeteater Inkipinki om 15.00 oere yn de Lantearne yn Akkrum.

 

Inkipinki is de assistint fan de poppekast. Se hat in wichtige taak want sy is ferantwurdlik foar it iepenjen fan de gerdyntsjes en it wikseljen fan de dekôrs. De poppen kinne net sûnder Inkipinki mar hawwe ek de help fan de bern nedich.

Tusken de bedriuwen troch praat Inkipinki mei de bern oer it ferhaal. De ferhalen binne spannend, grappich en ynteraktyf.

 

Yn 2004 is Ingka van Fulpen (52) begûn mei poppekast spyljen. Se wurke as redakteur foar û.o. it wykblêd Margriet. Wat begûn as in hobby, is nei har ferhuzing ein 2011 nei Fryslân ta, útgroeid ta fulltime wurk. Har alterego Inkipinki is ûnderwilens “wrâldferneamd ” yn Fryslân.

 

De foarstelling is it meast geskikt foar bern fan groep 1 tm 3 fan de basisskoalle. De foarstelling is yn it Nederlânsk. 

 

 

Programma

Lêsmear Wei fan Dreamen
24-10-2026

Wei fan Dreamen

Gerbrich van Dekken en it Grutte Guod | In muzikale foarstelling fol bekende en minder bekende muzyk fan Dolly Parton.

Lêsmear pier21wat-spiletcampagnebeeldv
15-11-2026

Wat spilet

In teaterfoarstelling fan Pier21. De Fryske toernee begjint yn oktober, op 15 novimber is de foarstelling yn Akkrum te sjen.

Lêsmear woartele
07-03-2027

Woartele

Ferhalemiddei mei ferhalen oer ús woartels: oer wêr't wy wei komme en wat ús foarme hat.

Lêsmear hulde-jm
03-04-2027

HULDE! 60 jier troud

Jan Arendz & Marijke Geertsma. De foarstelling HULDE! is op útnûging fan Dreamteater te sjen yn Akkrum.

Lêsmear dt-archief

Argyf

Optredens en aktiviteiten dy't west hawwe.