Stokjes; in perfekte dei!
Stokjes; in perfekte dei!
Spilers fan Dreamteater spylje op 31 jannewaris de premjêre fan alwer in eigen toanielstik 'Stokjes'. In tragikomeedzje oer it libben fan alve gewoane minsken op in bysûndere dei. Dêrnei wurdt de foarstelling noch 4 kear spile yn De Lantearne yn Akkrum.
"Stokjes, in perfekte dei" is in Frysk toanielstik oer in doarpsmienskip dy't byinoar komt foar de begraffenis fan Kees Verheul. It ferhaal spilet him ôf yn en om de doarpskroech. By de tariedingen fan de begraffenis giet lykwols fan alles mis. As de famylje en freonen oankomme, wurdt de gearkomste al gau in bysûndere reüny dêr't lang bewarre geheimen en âlde freonskippen op skerp set wurde.
Wylst de personaazjes wrakselje mei har eigen emoasjes en oantinkens oan Kees, ûntstiet der in bysûndere dynamyk wêrby't it ôfskied mear wurdt as in rou-gearkomste. It ferhaal ûntbleatet net allinnich geheimen, mar ek de ûnferwoestbere bân fan freonskip en famylje yn in doarpsmienskip.
De tragikomeedzje ‘Stokjes’ wurdt spile troch alve akteurs fan Dreamteater Akkrum. De rezjy is yn hannen fan regisseur Sjoerd Blom. It stik is skreaun troch Anneke Wiersma
Lit dy yn ‘Stokjes’ meinimme yn it libben fan gewoane minsken op in bysûndere dei. Stokjes 'in perfekte dei' … Mei wa sitst op in stokje?
De entree is € 15,00. De toanielfoarstelling wurdt spile yn De Lantearne. Kaarten kinne jo reservearje fia dizze webside. Kaartferkeap by Bakker Boonstra yn Akkrum kin fan 6 jannewaris 2025 ôf.
De toanielfoarstelling wurdt 5 kear spile yn De Lantearne:
- Freed 31 jannewaris 20.00 oere
- Sneon 1 febrewaris 20.00 oere
- Snein 2 febrewaris 14.00 oere
- Freed 7 febrewaris 20.00 oere
- Sneon 8 febrewaris 20.00 oere