Bern yn de spotlights!

 

Dreamteater Akkrum set útein mei toaniellessen foar bern fan de basisskoallen. 

 

Op tongersdei 21 maart gean de earste toaniellessen foar bern fan de groepen 6,7,8 fan de basisskoallen fan start yn de boartersseal fan de Brede Skoalle. Foar de toaniellessen is Femke Vliegendehond, in ambisjeuze, fleurige dosinte oanlutsen. Femke is gjin ûnbekende foar it Dreamteater Akkrum, want se wie as rezjyassistinte ek belutsen by it Iepenloftspul ‘ De Heksen ’ yn de simmer fan 2023. Femke sil op har beurt wer assistearre wurde troch Joke Poortman. Mei de toaniellessen foar bern wurdt in âlde aktiviteit fan it Dreamteater wer yn it libben roppen. Oant de Corona-perioade waard der 2 kear yn it jier in syklus fan 10 toaniellessen oanbean oan bern út de âldste groepen fan de basisskoallen. We binne bliid dat dit no wer úteinsette sil. 

 

Lykas oare jierren, wurdt ek no de searje lessen ôfsletten mei in selsmakke foarstelling foar âlden, famylje en oare belangstellenden.

Toaniellessen

 

Foar wa: ​​Bern út groep 6,7 en 8

Wat: ​​​Toaniel / Drama-lessen

Wannear: ​​Alle tongersdeitemiddeis fan 15.00 - 16.00 (10x)

Wêr: ​​​Boarterseal Brede Skoalle

Kosten: ​​€ 30, - (bern fan de BSO € 25, -)

 

Opjefte foar Freed 15 maart fia dizze webside

 

OANMELDE

UBUNTU | 17 mei 2024

iconen-web-stiper-wit

Sponsorpakket

De Stiper

Jo stypje mei 10 euro yn it jier Dreamteater Akkrum

 

Doneer

iconen-web-klub50-wit

Sponsorpakket 

De klub fan 50

Jo stypje mei 50 euro yn it jier Dreamteater Akkrum.

 

Doneer