Bron: Friesch Dagblad

Baukje Stavinga • 24 september 2023


De Heksen yn Akkrum is in feest om nei te sjen


Nei njoggen jier hat Akkrum in twadde iepenloftspul . En ek dizze kear is de tún fan Coopersburg de lokaasje dêr ’t de foarstelling De Heksen opfierd wurdt. It ferhaal fan De Heksen is basearre op it boek ‘The Witches’ fan Roald Dahl. De regy is yn hannen fan Job de Roo, dy’t ek it skript foar syn rekken naam.

It ferhaal giet oer Boy, dy’t nei’t it fatale ûngelok fan syn âlders, by syn beppe yn Noarwegen wennet. Beppe fertelt him oer heksen, hoe’t se der út sjogge en warskôget him der foar.

Troch omstannichheden ferhúzje se beide nei Akkrum en komme yn hotel Coopersburg terjochte. Dêr binne tafallich ek de heksen, dy’t in ‘konferinsje foar de previnsje foar bernemishanneling’ bywenje. Sy sykje boppedat altyd nei bern om dy yn mûzen te feroarjen en dogge dat troch harren te lokjen mei sûkelade en oar snobbersguod (mei formule 058). De mûzen wurde dochs útroeid of opfretten troch de katten! Boy en it opskepperige jonkje Bruno feroarje beide yn mûzen troch de heksen. De mûzen geane nei beppe om rie en dy wit gelokkich de formule fan de ‘nutteleaze’ heksen yn hannen te krijen sadat dy troch harren eigen formule ferneatige wurde.

Coopersburg
Regisseur De Roo is kreatyf west om ek wat technyk oanbelanget, alles út de kast te heljen. Mei prachtige ljochteffekten, reekwolken, fjoer en in prachtich dekôr mei in brechje en in kolossale beam yn it midden, is it in feest om nei te sjen. Coopersburg as lokaasje mei in fiver en paadsjes is uteraard in ideaal plak om sa’n mearke-achtich ferhaal del te setten. Der wurdt gebrûk makke fan fiif fertellers dy’t útlizze, fertelle en sjonge tusken de sênes, in heksekoar mei in Opperheks en sjongers. Dat solo sjongen net foar elk wei lein is, is te merken oan it feit, dat it net altyd like goed te ferstean is.

Der is in protte soarch bestege oan dekôr en klean. Foaral de oanklaaiïng fan de heksen is moai, ek oer oare details is neitocht. De sênes spylje har ôf op ferskillende plakken op it spylfjild en dat soarget derfoar dat it boeiend bliuwt oan de ein ta.

Nettsjinsteande it feit dat der in protte haat yn foarkomt, is de reade tried yn de foarstelling dochs dat it goede it kweade oerwint. Boy is definityf feroare yn in mûs, mar fynt dat sels net slim. It is tapaslik sa’t er seit: ‘want it docht der net ta, wa asto bist. Salang as der mar immen is dy’t fan dy hâldt’.


Fotografie: Margon Zondag