Line Dance Workshop 3
Line Dance Workshop - 24 augustus, 16:30 oere
Op sneintemiddei 24 augustus om 16.30 oere gean we wer linedancen. Dizze kear dogge we dat op 'e Tsjerkebleek. De earste twa workshop tidens de Bloeiwike en de Merke wiene in grut sukses en we hoopje no op in noch gruttere opkomst. Linedance kin fansels net ûntbrekke op in Country & Westernfestival en mei-inoar sille wy de útdaging oangean om mei it hiele doarp te gean linedancen. Wy wolle dan oan'e ein fan it middeisprogramma en foardat it jûnsprogramma úteinset de hiele Tsjerkebleek fol mei doarpsbewenners, fan jong oant âld, dy't allegearre deselde linedance dogge. Dat moat ús slagje dochs? De dûns is net dreech, dus elkenien kin 'm leare. Foarôfgeand oan Nesville and Akkrumento biede wy in tal workshops oan en ek op it festival sels is der ek noch in mooglikheid om de linedânce oan te learen.
Thús oefenje kin fansels ek. Doarpsgenoat Debby de Rooij lit ús yn in fjourtal filmkes sjen hoe't de dûns giet. Yn it earste filmke nimmt Debby de dûns stap foar stap mei jo troch. It twadde filmke is op tel; de dûns bestiet út 4 kear 8 tellen en dat herhelje je hieltiid oppenij. Je sjogge dan allinich in oare kant op. Mar de dûns bliuwt itselde. Yn it tredde en fjirde filmke sjogge jo de dûns yn de stadiche en flugge fariant.
Begeand ek de byhearrende muzyk yn sawol de stadiche as flugge versie. In soad sukses mei it oefenenje en graach sjogge we jo op de workshops op 24 augustus en 3 septimber. Oant dan!