Line Dance Workshops en demo

Linedance kin fansels net ûntbrekke op in Country & Westernfestival en mei-inoar sille wy de útdaging oangean om mei it hiele doarp te gean linedancen. Wy wolle dan oan'e ein fan it middeisprogramma en foardat it jûnsprogramma begjint de hiele Tsjerkebleek fol mei doarpsbewenners, fan jong oant âld, dy't allegearre deselde linedance dogge. Dat moat ús slagje dochs? De dûns is net dreech, dus elkenien kin 'm leare. Foarôfgeand oan Nesville and Akkrumento biede wy in tal workshops oan en ek op it festival sels is der in mooglikheid om de linedânce noch oan te learen. 

 

14.15 Line Dance Workshop en demo

15.45 Line Dance Workshop en demo

 

18:00 Dorps Line dance

 

Thús oefenje kin fansels ek. Doarpsgenoat Debby de Rooij lit ús yn in fjourtal filmkes sjen hoe't de dûns giet. Yn it earste filmke nimmt Debby de dûns stap foar stap mei jo troch. It twadde filmke is op tel; de dûns bestiet út 4 kear 8 tellen en dat herhelje je hieltiid oppenij. Je sjogge dan allinich in oare kant op. Mar de dûns bliuwt itselde. Yn it tredde en fjirde filmke sjogge jo de dûns yn de stadiche en flugge fariant. 

 

Begeand ek de byhearrende muzyk yn sawol de stadiche as flugge versie. 

Programma

Lêsmear dt-stokjes-terherne
4 oktober 2025

Stokjes; in perfekte dei!

4 en 5 oktober: Lit jim yn ‘Stokjes’ meinimme yn it libben fan gewoane minsken op in bysûndere dei.

Lêsmear -dt-2025-country-western-festi
6 september 2025

Country & Western Festival

Alle ynwenners van Akkrum en Nes sette de cowboyhoed op, lûke de westernlearzen oan en genietje fan in dei fol mei muzyk en teater.

Lêsmear dt-archief

Argyf

Optredens en aktiviteiten dy't west hawwe.