Dress code
Wat dochsto oan nei it festival?
Elkenien is op 6 septimber 2025 fan 19.00 - 23.00 oere fan herte wolkom op it Nesville and Akkrumento-festival!
Mei-inoar meitsje we der in geweldich Western-feest fan! En wat is der no moaier dat eltsenien dy dei yn Country en Westernklean nei it festivalterrein komt. Dus set in Cowboyhoed op en lûk dyn stoere Westernboots oan. Of wolst hielendal los gean? Graach sels!
Kom as Dolly Parton, Johnny Cash, in stoere cowboy of cowgirl út de klassike westernfilms, in rodeo queen, Billy the Kid of Lucky Luke. Neat is te gek, alles kin, as it mar Country en Western is.
Ynspiraasje
Tink by dizze look oan klean lykas: cowboylaarzen, cowboyhuodden, suède jassen mei franjes, longriders-jassen, jurken mei blommeprints, kant of oare romantyske details of de cowboy chap; de lange broek mei franjes. Tink by assessoires oan: western bandana's, riemen mei grutte gespen, pistoolholsters en sieraden mei fearren of kralen.
Doch ynspiraasje op, ûndersteand in hiel soad aardige country & western looks: