Wat spilet
Pier21 – In repetysje foar it libben
Wat spilet is in tragikomyske en yndringende foarstelling oer famyljes, geheimen en hoe't âlde pine ûnbewust trochwurket yn it no. By de lêste repetysje foar in premiêre moetsje wy in jonge regisseuse en in fierde aktrise. Wat begjint as in gewoane wurksessie, feroaret as de aktrise fêstrint yn har Fryske memmetaal en in ferswijde famyljeskiednis nei boppen komt.
Anna Raadsveld en Merel Staalstra spylje de beide froulju. It skript is fan Roos Bottinga, oerset yn it Frysk troch Nynke Laverman en regissearre troch Mara van Vlijmen. De Fryske toernee begjint yn oktober 2026 – en op 15 novimber bringt Dreamteater de foarstelling nei Akkrum.
Snein 15 novimber 2026 · 15.00 oere
Utingeradeelhal Akkrum





