Wei fan Dreamen
Gerbrich van Dekken en it Grutte Guod
Yn Wei fan Dreamen dûkt Gerbrich van Dekken tegearre mei muzikanten Wander van Duin en Josse Postma – it Grutte Guod – yn it libben en foaral de muzyk fan ien fan har grutste muzikale helden: Dolly Parton.
In muzikale foarstelling fol bekende en minder bekende muzyk fan Dolly Parton, no ek te sjen yn Akkrum. Dreamteater hellet Wei fan Dreamen nei de Terptsjerke foar in moaie jûn fol muzyk.
Sneon 24 oktober 2026 · 20.00 oere
Terptsjerke Akkrum
€ 17,50 · ynkl. kofje/thee
De kaartferkeap start ynkoarten. Hâld dizze webside yn 'e gaten!





