11.00-15.00 uur

Op syn hynder lûkt Ben the Banjoman rûn troch it publyk. Al spyljend op syn tenorbanjo. As cowboy sjongt Ben dansels de echte country toppers mar ook Nederlâstalige meisjongers Ben is by de start fan  de Westernparade by Leppehiem dêrnei sjouwt rint hy mei syn hynder oer it daarna festivalterrein.

 

12.00-13.00

Tidens de doarpslunch yn 'e tún fan Welgelegen is der in optreden van Duo Cappo 3 en Dansen in Friesland.

 

13.00-17.00 uur

Tidens it middeiprogramma op 'e Tsjerkebleek binne der musykoptredens fan ûnderoaren: 

Joop Obama and the Presidents - Coverband út it Noorden mei in rockend rântsje

Rataplan - Coverband út Aldeboarn

Liz Young and the Black Slacks - Suvere ûnfersniene rockabilly fan de Drintske klaai. Rûnkend as in âlde disel en gefaarlik as in dûbelde whisky op in nochtere mage. Liz Young, the rockabilly queen fan Emmen, subtyl as in skearmes en stipe troch de bloedlinke Black Slacks.

Earlybird - Countryband út Akkrum

Popkoor Akkrum - komme spesjaal foar Nesville en Akkrumento mei Country & Western-reportoire 

 

 

18.30 - 23.00 

Tidens it jûnsprogramma binne der optredens fan de bands:

Stringcaster - Fiif manlju mei snaarynstruminten, drums en in mûlharmoanika. Trochwintere muzikanten mei roots yn'e blues, rockabilly, Irish folk en country. Stean al jierren op poadia yn binnen en bûtenlân. Yn Europa op festivals fan Zwarte Cross oant it Frânske festival Country de Mirande mei sa'n 300.000 besikers. Stringcaster wie ek ien fan de pear net-Amerikaanske bands dy't yn 2015 troch de CMA (Country Music Association) útnûge is om op it CMA Live Festival yn Nashville, Tennessee yn de U.S.A. te spyljen. Se spylden ûnder oare tegearre mei James Burton, Rocky Burnette, Paul Burlison, Albert Lee en Jim Weider. 

 

Stageline - Fiif tige gedreven en betûfte topmuzikanten en dito lûds - en ljochttechnisy dy't witte hoe't je in fet feest bouwe moatte!! Se hawwe al meardere kearen op it poadium fan de Akkrumer Merke stien. Spesjaal foar Nesville and Akkrumento heakje se ek noch wat Country songs oan harren brede repertoire ta.

Doneren?!

Toegang tot het festival is gratis. Een vrijwillige bijdrage wordt zeer gewaardeerd. Steun ons! 

 

Doneren