Sneon 6 septimber is net allinnich de dei fan it Country and Westernfestival 'Nesville and Akkrumento' mar wurdt ek it fernijde sintrum fan Akkrum offisjeel iepene. Wethâlder Jelle Zoetendal fan de gemeente Heerenveen docht dy iepening tegearre mei de bern fan Akkrum en Nes tidens de Westernparade. Dochst ek mei mei dizze optocht? Set dan dyn cowboy-hoed op en nim dyn stokhynderke mei. Kom op dyn fersierde fyts, in lyts treptrekkerke of gewoan lekker rinnend. Alles mei, as it mar Western is! 

 

De optocht begjint om 11.00 oere by de yngong fan Leppehiem en giet fia de Wide Stege, it Heechein en de Dringelstritte nei de tún fan Welgelegen. Healwei it Heechein foeget de wethâlder har by de bern yn de westernparade en iepenje se mei-inoar it fernijde sintrum. In soad bern hawwe op'e Spikerspulwike al in stokhynderke makke. Wolst ek noch in stokhynderke foar de optocht meitsje? Dreamteater hat noch wol wat knutselmateriaal, stokken en swimnoodles lizzen. Ast dêr gebrûk fan meitsje wolst mail dan nei: info@dreamteater.nl 

 

Nei de Westernparade is der tusken 12.00 en 13.00 oere in doarpslunch yn de tún fan Welgelegen. Kaarten foar dy lunch binne no te keap by Bakkerij Boonstra foar € 7,50 de persoan.

Doneren?!

Toegang tot het festival is gratis. Een vrijwillige bijdrage wordt zeer gewaardeerd. Steun ons! 

 

Doneren