Stokpaardjesrace
Yn it middeisprogramma kinne de bern meidwaan mei de Stokpaardjesrace. Wa galoppearret it fluchste oer it Stokpaardjesparcoer op'e Tsjerkebleek?
Jou dy op tidens de doarpslunch yn de tún fan Wegelegen en nim dyn eigen stokpaardje mei dêrsto ek de Westernparade mei rûn hast.
Wolstdo der sels noch ien meitsje?
Wy ha noch wol wat stokken, swimnoodles en knutselguod lizzen dat we oer hawwe fan de Spikerspulwike dêr't in soad bern ek in stokpaardje makke ha.
Stjoer dan in mail nei: info@dreamteater.nl
De lokaasje fan it stokpaardjesparcour is tsjinoer it gebouke fan de Sheriff.
13.30 oere Stokpaardjesrace 4-8 jier
15.00 oere Stokpaardjesrace 9-12 jier