De Trein
De Trein
Op 3 maaie en op 4 maaie nei de stille tocht en de deadebetinking spilet Dreamteater it oangripende toanielstik De Trein yn de Terptsjerke yn Akkrum. Dizze foarstelling giet oer it echtpear Klara en David Koperberg dy't yn de Twadde Wrâldoarloch ôffierd waarden nei in ferneatigingskamp. Se oerlibje it kamp en prate der noait wer oer. Fyftich jier letter sitte se tegearre wer yn in trein en belibje se dy ferskriklike tiid wer opnij. Ha se alles wol ferwurke? En ha se der goed oan dien om sa lang te swijen? En wat betsjut it foar ús? Wat hawwe wy fan ferline leard? Kinne wy de trein fan ferneatiging keare, of litte wy de trein hjoedtedei ek wer fierder ride?
De Trein is skrean troch Carl Slotboom en oerset troch Piter van der Veen. It stik is opdroegen oan Klara Koperberg.
De rezjy fan De Trein is yn hannen fan Herman Emmelkamp. De Trein wurdt spile troch Tiede Hellinga, Annarommy Gietema, Jan Tjalling de Boer en Joke Poortman.
It programma op 4 maaie is in gearwurking tusken it 4 maaie komitee Akkrum-Aldeboarn en Dreamteater Akkrum.
De foarstelling op 3 maaie begjint om 20.00 oere. De fergeze kaarten kinne ophelle wurde by Bakkerij Boonstra yn Akkrum en de doarpswinkel yn Aldeboarn.
Foar de foarstelling op 4 maaie binne der gjin kaarten mear beskiber.