Country & Western Festival

Sneon 11:00-23:00 oere yn it sintrum fan Akkrum

Hawwe jo 6 septimber al yn jo aginda stean? Op dy dei wurdt it sintrum fan Akkrum omtsjoend ta it Country & Westerndoarp Nesville & Akkrumento. 

 

Lykas mei Meet me at the Fountain en it Flowerpowerfestival wurdt it wer in dei fol mei teater, muzyk en dûns foar jong en âld dêr't elkenien oan meidwaan kin. 

 

Wolle jo meidwaan mei ien fan de teatergroepen? 

Ynkoarten kinne jo jo fia dizze webside oanmelde foar spesifike groepen, tink oan de Kwaksalvers of de Outlaws!


Tip:

Foarôfgeand oan de Merke yn Akkrum-Nes organisearje wy op woansdei 24 juny in workshop line dance, as tarieding op it festival. Kom allegear om 19:00 oere nei de tinte op it Merketerrein.