De Trein
De Trein
Nei de stille tocht en de deadebetinking op 4 maaie spilet Dreamteater yn de Terptsjerke yn Akkrum it oangripende toanielstik De Trein. Dizze foarstelling giet oer it echtpear Clara en David Silbermann dy't yn de Twadde Wrâldoarloch ôffierd waarden nei in ferneatigingskamp. Se oerlibje it kamp en prate der noait wer oer. Fyftich jier letter sitte se tegearre wer yn in trein en belibje se dy ferskriklike tiid wer opnij. Ha se alles wol ferwurke? En ha se der goed oan dien om sa lang te swijen? En wat betsjut it foar ús? Wat hawwe wy fan ferline leard? Kinne wy de trein fan ferneatiging keare, of litte wy de trein hjoedtedei ek wer fierder ride?
De rezjy fan De Trein is yn hannen fan Herman Emmelkamp. De Trein wurdt spile troch Tiede Hellinga, Annarommy Gietema, Jan Tjalling de Boer en Joke Poortman.
It programma op 4 maaie is in gearwurking tusken it 4 maaie komitee Akkrum-Aldeboarn en Dreamteater Akkrum.