Stokjes: in perfekte dei!
Stokjes; in perfekte dei!
Spilers fan Dreamteater spylje op 31 jannewaris de premjêre fan alwer in eigen toanielstik 'Stokjes'. In tragikomeedzje oer it libben fan alve gewoane minsken op in bysûndere dei. Dêrnei wurdt de foarstelling noch 4 kear spile yn De Lantearne yn Akkrum.
Gerda: Sa mei’k net prate, sa wol ik net prate…..
Lolke: We gaan zo aan de soep, de broodjes en de bitterballen. Wat een feest!
Martha: Wat moatte je no mei sa’n oelewapper? As ik der net wie…
Bennie: Hjir begryp ik dus neat fan.. Wêrom dogge minsken dat?
Trudy: Ssst….. Net sa lûd graach. Elkenien sjocht nei ús.
Liesbeth: Frijheid is it heechste guod. Myn libbenstema.
Yfke: Ik kin gjin fêst wenplak mear hawwe.
Els: Ik moat it lân tsjinstber wêze. Ik haw safolle wat ik bringe kin.
Wieke: Ik kaam hjir tafallich even lâns.
Peter: Ik weet het niet meer. Ik weet het niet meer. Ik weet het niet meer.
Pamela: It’s such a perfect day!!
Lit jim yn ‘Stokjes’ meinimme yn it libben fan gewoane minsken op in bysûndere dei.
Stokjes ‘in perfekte dei’……… Mei wa sitte jo op in stokje?
De toanielfoarstelling wurdt spile yn De Lantearne op. De yntree is €15,00. De kaartferkeap foar 'Stokjes' set op moandei 6 jannewaris 2025 útein by Bakkerij Boonstra yn Akkrum. Kaarten reserveren fia dizze webside kin no al:
De toanielfoarstelling wurdt 5 kear spile yn De Lantearne:
- Freed 31 jannewaris 20.00 oere
- Sneon 1 febrewaris 20.00 oere
- Snein 2 febrewaris 14.00 oere
- Freed 7 febrewaris 20.00 oere
- Sneon 8 febrewaris 20.00 oere