Akkrum yn 't Ljocht is in kuier fan sa 'n 7 kilometer. 

 

Dielname

Alle 500 kaarten binne ferkocht! Kaarten keapje is dêrom net mear mooglik.

 

Lokaasje

De start en finish is by de Sporthal yn Akkrum oan de Spikerboor 10. 
Kom safolle mooglik rinnend of op 'e fyts. Parkeare by de Sporthal is net mooglik. 

Underweis

 

  • Jo rinne op ferhurde en ûnferhurde wegen, doch dus goeie kuierskuon oan. 
  • Der wurdt gebrûk makke fan ljochteffekten. 
  • Jo rinne op eigen risiko. 
  • We rinne troch in pear lokaasjes dy 't lyts binne. Hâld der rekken mei dat dit ta wat fertraging liede kin. 
  • It is gjin wedstriid mar in kuier en beleeftocht. 
  • Dizze kuierrûte is net geskikt foar minsken yn in scootmobyl of rolstoel of minsken dy't min rinne kinne.

 

 

Nei de kuiertocht is der feest yn it sportkafee mei in optreden fan Frerik de Swetser.

Tiidfakken

Der kinne maksimaal 500 minsken meidwaan oan Akkrum yn 't Ljocht.
Der wurdt yn tiidfakken start:

 

18.45-19.00 oere:  groep grien startnûmers 001-100
19.00-19.15 oere: groep blau startnûmers 101-200
19.15-19.30 oere: groep giel startnûmers 201-300
19.30-19.45 oere: groep read startnûmers 301-400
19.45-20.00 oere: groep pears startnûmers 401-500

 

De starttiid stiet op jo ticket fermeld. Kom op 'e tiid, mar net earder as 15 minuten foar de starttiid. 

 

Hawwe jo je startkaart krigen, mar wolle jo leaver dochs yn in oare groep, dan sille jo dat ûnderinoar regelje moatte. 

 

Útferkocht

 

Akkrum yn 't ljocht | 2 maart 2024

iconen-web-stiper-wit

Sponsorpakket

De Stiper

Jo stypje mei 10 euro yn it jier Dreamteater Akkrum

 

Doneer

iconen-web-klub50-wit

Sponsorpakket 

De klub fan 50

Jo stypje mei 50 euro yn it jier Dreamteater Akkrum.

 

Doneer