Doar te dreamen, dat is wat it Dreamteater Akkrum docht. Mei allinnich dreamen en entûsjasme kinne wy projekten net wiermeitsje. Dêrfoar hawwe wy finansjele middels nedich. Dêrfoar freegje wy subsydzjes oan en wy skriuwe ek fûnsen oan om ús finansjeel te stypjen. Dêrneist binne wy ek op syk nei sponsors om ús finansjeel te stypjen.

Wolle jo sponsor wurde fan it Dreamteater Akkrum en jo bedriuwsnamme ferbine oan in evenemint, dan binne dêr mooglikheden foar. As bedriuw en / of persoan kinne jo kieze út in tal sponsormodellen. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei info@dreamteater.nl Fansels binne jo ek frij om in jefte te dwaan oan it Dreamteater Akkrum. It rekkennûmer fan Dreamteater Akkrum is NL 33RABO 0156743604 (Stichting de Dream fan Akkrum ).