Ferhalemiddei snein 5 febrewaris 2023


Alle minsken binne gelyk, alteast hast gelyk, mar ek sa ferskillend.
Dat ferskil sit him yn de ferhalen dy we meikrigen ha, dy we opdien ha ûnderweis.
En dat makket ús unyk.
En dochs werkenne we de ferhalen, binne it diels ús eigen ferhalen yn in oar jaske.
Wy ha 4 prachtige ferhalefertellers ree fûn harren ferhaal mei as tema "omkear" te bringen
op 4 geweldige lokaasjes yn it sintrum fan Akkrum.
Nei ôfrin fan de ferhalen stiet der yn de boppeseal fan de Kromme Knilles in hearlik miel wintersk iten klear.
It tal minsken dat meidwaan kin is 60.
De priis is € 20,00 (ynklusyf miel iten)
It programma begjint om 15:00 oer by Kromme Knilles oan it Heechein.
Fanôf hjir rinne we yn groepkes fan 15 minsken nei de ferskillende lokaasjes.

De kaarten binne fanôf tiisdeitemoarn 17 jannewaris oansteande te keap by Bakker Boonstra!


Iepenloftfoarstelling Heksen yn Akkrum

Mear witte