Akkrum yn 't Ljocht -  Alle kaarten binne ferkocht

Op sneontejûn 2 maart fynt 'Akkrum yn 't Ljocht' plak, in jûnskuier troch Akkrum mei muzyk, keunst en kultuer wêrby 't de rûte op in bysûndere wize yn it ljocht set is. De kuier fan sa 'n 7 kilometer is geskikt foar jong en âld en giet troch Akkrum en har bûtengebiet. De dielnimmers rinne dwers troch gebouwen, bedriuwen, stikken lân en achter-ôf paadsjes en sa komme de kuierders op plakken dêr 't se miskien noch nea earder west hawwe. Lâns de rûte binne der optredens fan talintfolle ynwenners dy 't Akkrum en Nes ryk is. Fan muzyk oant sang, fia rock en klassyk, nei toaniel en dûns, troch jong en âld. In pear plakken op de rûte wurde spektakulêr yn it ljocht set en sa wurde ek de artysten, keunst en kultuer fan Akkrum yn it ljocht set. De kuier einiget mei in feest yn de sporthal. Start en finish fan 'Akkrum yn 't Ljocht' is yn de sporthal fan Akkrum.

 

Der rinne 500 minsken en bern mei ferdield oer 5 startgroepen. Alle kaarten binne ferkocht. It is dêrom net mear mooglik om kaarten te bestellen. Mear ynformaasje oer Akkrum yn 't ljocht lêze jo hjir:

 

MEAR YNFO

Akkrum yn 't ljocht | 2 maart 2024