Ynformaasje
Spyldata en reservedata
Tongersdei 21 septimber - Tiisdei 26 septimber
Freed 22 septimber - Tongersdei 28 septimber
Sneon 23 septimber - Freed 29 septimber
Snein 24 septimber - Snein 1 oktober
Woansdei 27 septimber - Freed 29 septimber of snein 1 oktober
As in foarstelling troch min waar of oare kalamiteiten net trochgiet, dan wurdt dat dyselde dei foar 18.00 oere bekend makke op ús webside en sosjals De foarstelling wurdt dan spile op de reservedatum. Beide data steane op jo e-ticket.
De lokaasje fan it iepenloftspul is yn de tún fan Coopersburg. It adres is Ljouwertdyk 22, Akkrum.
Ast jo tickets besteld ha fia ús webside, krije jo in befêstiging yn de mailboks. Ek de e-tickets krije jo yn jo mailbox. Dizze e-tickets moatte toand wurde by de yngong op it terrein fan it iepenloftspul. Dit kin sawol fia de mobile telefoan as printe.
It terrein giet iepen om 19:00 oere en de foarstelling begjint om 20:00 oere. De foarstelling hat in skoft en duorret oant likernôch 22.30 oere.
It ynkommen fan it terrein bart op eigen risiko. Der wurdt gebrûk makke fan stroboskopyske ljochtteffekten.
Komme jo yn in rolstoel? Jou it efkes oan fia info@dreamteater.nl. Wy hawwe in beheind tal rolstoelplakken jûns en begeliede dy graach.
Yn it stik wurdt Frysk praat.
Parkearje kin op de dêrfoar oanwiisde plakken, folgje hjirfoar de buorden yn it doarp. Parkeren is fergees.
De foarstelling hat in advysleeftiid fan 9 jier en âlder.
Wannear 't in foarstelling net trochgiet, wurdt dat dyselde jûn tusken 18.00 en 19.00 oere bekend makke op dizze webside, en op ús facebook en Instagram. De tickets binne dan jildich op de reservedatum. Dizze datum stiet ek op jo e-ticket.
Gekochte tickets kinne spitigernôch net annulearre wurde.